EenVandaag: ''34 persint hat fertrouwen yn Halbe Zijlstra"

26 okt 2017 - 13:47

34 persint fan de kiezers hat fertrouwen yn Fries om utens Halbe Zijlstra as VVD-minister fan Bûtenlânske Saken. Dat docht bliken út ûndersyk fan EenVandaag ûnder 18.000 minsken by it oantreden fan it kabinet Rutte III. Zijlstra stiet hjiryn op it fjirde plak. Kiezers hawwe it measte fertrouwen yn ûnderwiis- en mediaminister Arie Slob fan de ChristenUnie. 57 persint fan de ûnderfregen jout dat oan.

Op nûmer twa stiet minister-presidint Rutte, folge troch de twadde ChristenUnie-minister, Carola Schouten fan Lânbou. It fertrouwen yn it kabinet as gehiel komt út op 35 persint.

(advertinsje)
(advertinsje)