Dútsk fuotbalkamp lûkt Fryske bern nei Wolvegea

26 okt 2017 - 13:29

Sa'n sechstich bern folgje dizze dagen yn Wolvegea in kamp fan de Dútske fuotbalklup Schalke 04. Dy besiket der mei it kamp nije fans by te krijen. De dielnimmers binne tiisdei begûn mei trainingen ûnder lieding fan meiwurkers fan de Dútske klup, woansdei hawwe se op besite west yn it stadion fan Schalke yn Gelsenkirchen en tongersdei wurdt der opnij fuotballe.

Schalke hâldt op mear plakken yn Nederlân en België aktiviteiten. Oare Dútske klups kieze der faak foar om nije fans yn Amearika en Azië te sykjen, Schalke kiest foar buorlannen fan Dútslân sadat fans ek nei de wedstriden fan de klup komme kinne.

Trefwurden: 
Schalke 04 fuotbal Wolvegea
(Advertinsje)
(Advertinsje)