Trije twivelgefallen by SC Cambuur

26 okt 2017 - 13:02

SC Cambuur telt trije twifelgefallen foar de thúswedstriid freed tsjin Jong PSV. It is noch net wis oft Martijn Barto (nekke), Alvin Daniëls (hamstring) en Issa Kallon (mooglik ankel) begjinne yn de basis. Trainer Marinus Dijkhuizen moat ôfwachtsje oft sy beskikber binne. "We zullen dat overleggen met de medische staf. Ik wil in principe zo weinig mogelijk veranderen ten opzichte van de basisopstelling tegen FC Den Bosch."

Cambuur wûn de bekerwedstriid tsjin Den Bosch tiisdei mei 2-0. Yn de spits debutearre doe Nigel Robertha en hy sil ek freed yn de basis stean. "We waren redelijk tevreden over hem", sa sei Dijkhuizen.

Cambuur giet wer op jacht nei de earste thúsoerwinning fan dit seizoen. Lykwols sil ek yn de thúswedstriden in wat foarsichtiger spul spile wurde. Cambuur hopet dat Jong PSV net al te folle reservespilers fan it earste opstelle sil. Dijkhuizen: "PSV speelt donderdag voor de beker en zondag voor de competitie tegen Vitesse. De kans bestaat dat bijvoorbeeld Gudmundsson niet bij de beloften speelt. En dat vind ik wel een heel goede speler."

De Cambuurtrainer woe yn ferbân mei de trije twivelgefallen noch gjin opstelling priis jaan.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)