''Better ynformearje oer groeiend tal fleanbewegings"

26 okt 2017 - 12:54
Lelystad Airport moat fan 2019 ôf de fakânsjeflechten fan Skiphol oernimme - Foto: ANP

De provinsje moat har boargers dúdliker ynformearje oer it groeiend tal fleanbewegings boppe Fryslân. Dêrfoar pleitet de steatefraksje fan de PvdA. De partij ropt de provinsje dan ek op in eigen fisy yn te tsjinjen, oer de oansteande útwreiding fan Lelystad Airport. Koartlyn die bliken dat de fleantugen nei alle gedachten mear leven meitsje sille as earder yn it ûndersyk oanjûn waard.

Neffens de steateleden fan de PvdA jouwe de misrekkeningen foldwaande oanlieding om no mei in dúdliker stânpunt te kommen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)