CU: "Provinsje moat sirkulêre ekonomy mear stimulearje"

26 okt 2017 - 12:09

De provinsje moat mear dwaan om de sirkulêre ekonomy te stimulearjen. Dat fynt de steatefraksje fan de ChristenUnie. De partij freget him ôf oft de moaie wurden fan de deputearren ek omset wurde yn dieden. Om dit foar elkoar te krijen, wol de ChristenUnie dat der in team fan eksperts komt dat mei Circulair Fryslân oan de slach giet. Hjirfoar moat ek genôch jild wêze. De ChristenUnie wol dat de provinsje in ferdûbeler ynset. Hoe heger it bedrach dat bedriuwen ynlizze foar Circulair Fryslân, hoe grutter ek de bydrage fan de provinsje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)