Fjouwer fergees te brûken auto's ride oer It Amelân

Elektrysk ride © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Op It Amelân ride fan freed ôf twa elektryske en twa hybride diselauto's om. Se stean op Camping Roosdunen en fakânsjepark Klein Vaarwater. Gasten fan dizze parken meie de auto's sûnder kosten brûke. Hyundai stelt de auto's fergees beskikber.
Neffens boargemaster De Hoop fan Amelân passe de duorsume dielauto's perfekt by de ambysje om it eilân selsfoarsjennend te meitsjen.