Untwerp foar Breedeplaats Frjentsjer definityf fêststeld

26 okt 2017 - 11:43

It nije ûntwerp foar de Breedeplaats yn Frjentsjer is definityf fêststeld. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders hat it ûntwerp foar de werynrjochting fan it plein yn it sintrum fan Frjentsjer goedkard. De gemeente kin no fierder mei de útwurking fan de plannen. Yn it ûntwerp foar it plein binne in fontein, tinkbyld fan Balthasar Bekker en in protte grien opnaam. It grienplan rûnom de Martinitsjerke wurdt makke troch de ynternasjonaal ferneamde túnarsjitekt Piet Oudolf. Wethâlder Caroline de Pee: "De Breedeplaats is het hart van de stad maar mist nog beleving op het moment dat er geen evenementen zijn. Met dit plan krijgt het centrum van Franeker een enorme kwaliteitsimpuls."

Foar omwenners fan it plein wurdt ynkoarten in ynrindei organisearre, wêrby't de krekte planning foar it plein taljochte wurdt.

Trefwurden: 
Breedeplaats Frjentsjer
(Advertinsje)
(Advertinsje)