UPDATE: Brân yn sylskip yn haven Lauwerseach

© De Vries Media
Op in sylskip yn de haven fan Lauwerseach is tongersdeitemoarn brân útbrutsen. It skip is dêrby swier skansearre rekke. De brânwacht fan Dokkum, Zoutkamp en Grins binne útriden om it fjoer te bestriden. It is net bekend oft der minsken op it skip wiene doe't de brân útbruts.
Op it skip leine meardere gasflessen. De brânwacht hat dizze oan fêste wâl brocht. Dêrby krigen se help fan de KNRM.