Jonge seehûnen útset op Skylger strân

Sân jonge seehûnen fan seehûnesintrum Pieterburen binne tongersdeitemiddei op it strân fan Skylge útset. De bisten waarden dizze simmer berne en binne ûngefear fiif moannen âld. Se waarden yn it seehûnesintrum opnommen om't se saneamde longwjirms hienen.
Yntusken binne de seehûnen wer opknapt en kinne se wer de natuer yn. De jonge seehûnen wurde inkelde meters fan it wetter op it strân set. Dêrnei witte se harren wei nei de see al gau wer te finen.