Dochs net útstoarn: platte oester werom yn Waadsee

De platte oester is werom yn de Waadsee. Tocht waard dat it skulpdier útstoarn wie, mar in fisker hat meardere eksimplaren fûn by Flylân en Teksel. Dat is bekend makke troch it Programma naar een Rijke Waddenzee. Dat is in gearwurkingsferbân fan oerheden, natuerorganisaasjes en brûkers fan it Waad. Neffens har is de fynst bysûnder. De organisaasjes gongen derfan út dat de platte oester troch yntinsivere fiskerij en ferskate sykten al lang ferdwûn wie út de Waadsee.
Oesters binne wichtich foar in goed funksjonearjend ekosysteem. Se ite algen troch dy út it wetter te filterjen. Sa drage se by oan mear helder wetter.