Mear Fryske âlderen stjerre troch in fal

© Omrop Fryslân
Ferline jier binne der 130 Friezen om it libben kaam troch in fal. Dat docht bliken út sifers fan it CBS. It grutste diel fan de slachtoffers - 102 - wie boppe de 80 jier, de oare 28 tusken de 50 en de 80 jier. It sifer fan ferline jier leit heger as dat fan 2015, doe kamen der 120 Friezen troch in fal om it libben. Neffens it CBS falt de taname ta te skriuwen oan de taname fan de fergrizing. Ek lanlik sjoen binne der mear âlderen omkaam troch in fal.