Seis boetes útdield by ferkearskontrôle Ljouwert

26 okt 2017 - 08:47
Foto: ANP XTRA

De plysje hat woansdeitejûn yn Ljouwert by meardere ferkearskontrôles mei-elkoar seis boetes útdield. Twa autobestjoerders rieden troch read, in oare bestjoerder ried 80 kilometer yn de oere wêr't 30 kilometer it maksimum wie en in oar hie te glêde bannen. Twa minsken hiene gjin ljocht op de fyts en krigen dêr in boete foar.

Trefwurden: 
ferkearsboetes Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)