Kollum: "YouTube"

"YouTube hat in probleem. En no tinkst do miskien: spitich foar harren, wat ha ik dêr mei te krijen. Op it earste each net safolle. Mar lústerje efkes nei wat der yn it programma 'Tegenlicht' sein waard ôfrûne wykein.
“Wat je merkt is dat het meest dominante medium televisie, toch wel last heeft van afkalving van de kijktijd. Dus we zien in de jongere doelgroepen tot dertig procent afname van kijktijd.”
Dit is fansels net in probleem foar YouTube.
“Wat je in Nederland ziet is dat er ongeveer 1 miljard euro naar televisie gaat, en bijna 2 miljard euro naar internet. Dus internet is twee keer zo groot als televisie. En dat is een trend die je wereldwijd ook ziet.”
En dat ek net, dat is in probleem foar tradisjonele media. Mei YouTube giet it geweldich. In Amerikaanse YouTube ekspert - ja dat bestiet - sei dat der in ûndersyk west hat dêr’t út blykt dat it nûmer ien berop dat jongeren letter hawwe wolle YouTuber is. En mei YouTubers wurde bedoeld: vloggers, filmkesmakkers en alles wat der fierder mar troch it byld stuiteret op YouTube.
Der giet dus in soad jild yn om. Mar it is YouTube sels dy’t bepaalt hoe’t dat jild ferdield wurdt. En dat giet folle fierder as wy yn ‘e gaten hawwe.
“Het klinkt stom, maar het is ook een soort wedstrijd, aan het einde van de dag, YouTube. Je hebt een getalletje bij je kanaal, dat zijn je abonnees. En die moeten hoger en hoger en hoger. En dat betekent dat ik ook in mijn eentje áltijd moet uploaden.”
Dit is in YouTuber. En hy hat gelyk. Om dy wedstriid te winnen - en dus jild te fertsjinjen mei YouTube, moatst de regels fan YouTube kenne. En dan giet it om de regels dy’t it bedriuw oan de filmkes stelt, om bygelyks oanbefellingen te krijen. En dy binne nedich, want sa komst op YouTube oan mear sjoggers, en dus oan mear jild. Mar ek dit is net it probleem fan YouTube sels.
YouTube stiet yn prinsipe alles ta; meist alles der op sette. En spilest it tûk, dan kinst dêr ek wol aardich wat jild fertsjinje. Moatst al soargje datst safolle mooglik sjoggers hast.
Dus sjogge we YouTubers dy’t op treinen springe; YouTubers dy’t grappen úthelje dy’t ik oan ‘e flauwe kant fyn; it mei harren freondinne útmeitsje foar de kamera; dy’t einleas kompjûterspultjes spylje en dêr hysterysk kommentaar by jouwe; en YouTubers dy’t foarwerpen by ien yn ‘e kont stopje en dan moat dyjinge riede wat it wie… ja, echt. 110.000 sjoggers. Neat is te gek.
Mar YouTube falt no in bytsje yn it swurd fan harren eigen súkses.
“A growing collection of right wing vloggers, media operations, conspiracy theorists and activists, who build sizable followings on YouTube. They warn about mass immigration, decry political correctness, and mock out of-control-social justice warriors.”
Dit is in YouTube-filmke fan it sjoernalistike platfoarm Vox - mei in V. Se fertelle dat it grutte YouTube ek it thús is fan ekstremisten en komplottinkers. Minsken dy’t tige betinklike boadskippen fertelle, sa as frouwehaat, homohaat en islamhaat. En no komt it - dêr stean advertinsjes by.
“Advertisers rarely know what videos their ads are going to show up on.”
Mar dat fine advertearders net leuk. Dus hâlde YouTube koartlyn op mei advertinsjes op tûzenen kanalen, dy’t dêrtroch gjin ynkomsten mear hiene.
“And people freaked out. They called it the adpocalipse”.
Mar it probleem is dat der eigentlik gjin goede manier is om dit te regulearjen, seit Vox.
“YouTube sees about four hundred hours of video uploaded every minute. It’s impossible to monitor that much content."
Mei ien krityk ha op gay pride parades? Ik bin it der net mei iens, mar fyn it prima. YouTube joech der gjin jild mear oan. Oare echt rasistyske fideo’s krije noch wol jild. Lûk de line mar ris. Op 400 oeren oan fideo dy’t per minút uploaden wurde. In ûnmooglike taak. Mar se moatte wat dwaan.
En dit wolle de measte jongeren dus wurde. De Tegenlicht-ôflevering is in oanrieder. Hy is te finen op YouTube."