PvdA Hearrenfean: "Oanslute by Fryslân Hartveilig"

26 okt 2017 - 07:54
EHBO - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De fraksje fan de PvdA yn de ried fan Hearrenfean wol dat de gemeente him oanslút by Fryslân Hartveilig. Dat is in stichting dy't him ynset om de oerlibbingskâns by in hertstilstân te fergrutsjen. Dat bart mei boargerhelpferlieners en AED's. Sân Fryske gemeenten dogge noch net mei oan Fryslân Hartveilig, Hearrenfean is dêr ien fan. De PvdA wol dat de gemeente him oanslút. De partij hat hjir fragen oer steld oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders.

(Advertinsje)
(Advertinsje)