Streppel: “Met passie en beleving komen we hier weer uit"

25 okt 2017 - 23:10

SC Hearrenfean ferlear woansdeitejûn de bekerwedstriid fan Willem II mei 2-1, wêrtroch't de Feansters útskeakele binne yn it KNVB bekertoernoai.

Trainer Jurgen Streppel fûn dat syn ploech foaral troch de blunder fan Lucas Woudenberg ferlern hat. Woudenberg spile de bal te koart werom op keeper Martin Hansen, wêrnei't Willem II ienfâldich de 2-1 meitsje koe. “Als je die persoonlijke fout niet maakt, wordt het niet 2-1. Uiteindelijk verlies je dus door een persoonlijke fout."

Nei ferliespartijen tsjin Ajax, FC Utrecht en Vitesse is dit de fjirde nederlaach op rige. “Alleen met passie en beleving kom je hier weer uit. Of we maatregelen gaan treffen? Daar gaan we het morgen over hebben”, sei Streppel.

"Een ramp"

Ek spits Henk Veerman wie nei de útskeakeling bot teloarsteld. "Dit is voor mij persoonlijk en de club een ramp", sei Veerman. "Hier moeten we het goed over hebben."

(Advertinsje)
(Advertinsje)