Twa automobilisten by Beetstersweach op 'e bon slingere

25 okt 2017 - 22:38

De plysje hat woansdeitejûn by Beetstersweach twa automobilisten bekeurd. Sy hiene te hurd en te ticht efter inoar rieden. It gie om in 22-jierrige ynwenner fan De Knipe en in 26-jierrige Holwerter. De manlju rieden mear as fjirtich kilometer yn it oere te hurd oer de A7. Mei dy snelheid ried de Holwerter ek noch deun achter de auto foar him.

De man út De Knipe krige in bekeuring en waard by it CBR oanmeld foar in edukative maatregel. De Holwerter moat ek in boete betelje en krijt ek in maatregel oplein. Opmerklik wie dat hy krekt twa dagen syn rydbewiis weromkrigen hie, nei't er twa moannen lyn al ynfoardere waard foar in oare snelheidsoertrêding.

(advertinsje)
(advertinsje)