Bekeraventoer fan SC Hearrenfean einiget yn Tilburg

25 okt 2017 - 21:41

SC Hearrenfean is der woansdeitejûn net yn slagge de achtste finales fan it KNVB bekertoernoai te berikken. Yn Tilburg wie Willem II mei 2-1 te sterk foar de Feansters, wêrtroch't de bekerwinner fan 2009 útskeakele is yn de striid om de 'dinne-appel'.

Sûnder Stijn Schaars, dy't rêst krige fan trainer Jurgen Streppel, begûn Hearrenfean aardich oan de wedstriid en wie it healwei de earste helte ticht by de iepeningstreffer. Ferdigener Denzel Dumfries rekke mei in kopbal de latte, nei in foarset fan oanfierder Reza Ghoochannejhad.

De Iraniër moast tsjin Willem II sintraal foaryn plakmeitsje foar Henk Veerman. Dy lêste tocht nei in healoere spyljen even oan in strafskop, mar skiedsrjochter Martin van den Kerkhof seach neat yn Veerman syn fallerij. Krekt foar it skoft skeat Martin Ødegaard noch oer, wêrnei't beide ploegen sûnder te skoaren de klaaikeamers opsochten.

Flater Woudenberg

Skoare diene de earedifyzjonisten wol yn de twadde helte. Ben Rienstra fan Willem II sette syn klup op foarsprong, mar lang koene de Tilburgers dêr net fan genietsje. Ghoochannejhad makke in pear minuten letter al de lykmakker, nei in pass fan Ødegaard. Even letter gie Hearrenfeanspiler Lucas Woudenberg geweldich yn de fout, wêrnei't Willem II opnij op foarsprong kaam. Spits Fran Sol profitearre fan de flater en dat wie úteinlik de beslissende treffer.

Willem II - SC Hearrenfean 2-1 (0-0). 48. Ben Rienstra 1-0, 54. Reza Ghoochannejhad 1-1, 61. Fran Sol 2-1. Skiedsrjochter: Martin van den Kerkhof.

Opstelling SC Hearrenfean: Hansen; Dumfries (46. Schmidt), Høegh, Pierie, Woudenberg (71. Van Amersfoort); Thorsby, Ødegaard (74. Vlap), Kobayashi; Ghoochannejhad, Veerman, Rojas.

(Advertinsje)
(Advertinsje)