VC Snits sûnder al te folle problemen lâns Set Up'65

25 okt 2017 - 21:07
De follybalsters fan Snits - Foto: Martin de Jong

De follybalsters fan VC Snits ha woansdeitejûn sûnder al te folle problemen yn de kompetysje wûn fan Set Up'65. De koprinner fan de earedifyzje wie yn eigen hûs fiersten te sterk foar de ploech út Ootmarsum. Nei trije sets wie de wedstriid al beslist.

De froulju fan Snits wûnen de earste set mei 25-16. De twadde set wie in 'walk over' foar Snits en einige yn 25-9. De tredde set waard mei wat mear muoite binnensleept: 25-21.

Troch de oerwinning fan Snits bliuwt de ploech fan trainster Petra Groenland boppe-oan stean yn de earedifyzje.

Trefwurden: 
VC Snits Set Up'65 follybal
(Advertinsje)
(Advertinsje)