Nije stichting foar sosjaal wurk yn Súdwest-Fryslân

25 okt 2017 - 20:07

Der komt in nije en selsstannige stichting dy't har yn de gemeente Súdwest-Fryslân dwaande hâldt mei sosjaal wurk. Dizze Stichting Sosjaal Kollektyf Súdwest-Fryslân sil fan 1 jannewaris 2018 ôf it kollektive sosjaal wurk yn de gemeente foarmjaan, fernije en útfiere.

It doel fan de stichting is it behâlden en ûntwikkeljen fan sosjale inisjativen en aktiviteiten yn de buert. Dêrneist moatte ynwenners, maatskiplike organisaasjes en ûndernimmers mei-inoar yn kontakt brocht wurde.

By de nije stichting sille ûngefear acht oant tsien minsken wurksum wêze. Sy sille de aktiviteiten oernimme dy't earder ûnder mear útfierd waarden troch Stichting Timpaan en Stichting Aldereinwurk Boalsert.

(Advertinsje)
(Advertinsje)