Fryske boeren ha mear as genôch gers dit jier

25 okt 2017 - 19:40

It jier 2017 hat in goed gersjier west. In grut tal boeren hat mear as genôch gers fan it lân helje kind om de winter troch te kommen. Sterker noch, de boeren ha op it stuit safolle gers, dat de gerspriis flink sakke is.

It hat de ôfrûne dagen in soad reind, mar dochs wurdt der ek no op ferskate plakken yn de provinsje meand. Nei alle gedachten de lêste kear dit jier.

Neffens boer Tsjebbe Hettinga fan Hitzum is dat mar goed ek. Hy hat sels mear as genôch gers foar syn kij. Ek syn kollega's ha foarearst net mear nedich.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)