Lêste haad fan âlde kleaster Drachten ferstoarn

25 okt 2017 - 17:34
Suster Benedicta - Foto: Jan van Loon

It lêste haad fan it eardere kleaster yn Drachten is ferstoarn. Suster Benedicta hie fan 1983 oant de sluting fan it kleaster yn 1993 de lieding.

Suster Benedicta waard yn 1928 berne yn München. Yn 1951 kaam se nei Nederlân en in jier letter die se har yntrede yn it kleaster fan Roermond. Dêr bleau se oant se yn 1983 nei Drachten ferhuze. Doe't it kleaster dêr tichtgie, ferhuze se nei Beek en letter nei Maastricht. Dêr is se tiisdei ferstoarn.

(Advertinsje)
(Advertinsje)