"Ferheging wetterpeil Lauwersmar mei heale meter is skealik"

25 okt 2017 - 17:16
Heechwetter yn Lauwersmar (argyffoto)

Boeren en eigeners fan gebouwen hawwe woansdei by de Ried fan Steat mear ûndersyk easke nei in heger wetterpeil yn de Lauwersmar. Steatsboskbehear wol mei it ferheegjen fan it peil mei in heale meter de groei fan reid en bosk stimulearje. Mei de provinsjes Fryslân en Grinslân is ôfpraat dat dit de kommende twa jier op proef dien wurdt. Dêrnei sil útmakke wurde oft de proef fierder giet.

Boeren en eigeners fan gebouwen by de mar binne benaud foar neidielige gefolgen. Sy wolle dat dêr yn it foar better nei sjoen wurdt. De Ried fan Steat bepaalt binnen inkelde wiken oft se gelyk krije.

(Advertinsje)
(Advertinsje)