Festival Famillement foar famyljeskiednis komt nei Ljouwert

In grutste evenemint foar famyljeskiednis fan Nederlân komt takom jier nei Ljouwert. It giet om it festival Famillement, dat begjin juny De Harmonie oandocht. It giet om de fjirde edysje fan it festival, dat sûnt 2012 om de twa jier hâlden wurdt. Op it programma stean ûnder oare lêzings, workshops, ynterviews en in ynformaasjemerk. Ek binne der aktiviteiten foar bern.
Famillement wurdt organisearre troch it lanlik Centrum voor familiegeschiedenis, yn gearwurking mei Tresoar en it Histoarysk Sintrum Ljouwert.