Nije app foar pasjint om petear by dokter op te nimmen

25 okt 2017 - 17:02
  • Nije app foar pasjint om petear by dokter op te nimmen
  • Klaas de Jong

In nije app makket it mooglik om it petear by de dokter op te nimmen. De Consult+ app is ûntwikkele troch de Snitser ferpleechkundige en soarch-ynnovator Klaas de Jong. Mei de app kinne pasjinten in konsult mei de dokter tariede en fêstlizze. De app soe nedich wêze om't út ûndersyk bliken docht dat mar de helte fan de pasjinten de ynformaasje ûnthâldt dy't se by de dokter krije. By min nijs soe sels mar 20 persint fan it petear ûnthâlden wurde. De app moat de pasjint de rezjy weromjaan, seit De Jong.

Neffens Klaas de Jong is de app feilich en garandearret dy de privacy fan dokters: "Consult+ is veilig en bewaart de gesprekken versleuteld op de smartphone van de patiënt. De app maakt het delen van een opgenomen gesprek op social media uiterst moeilijk. Het gesprek thuis nog eens beluisteren is wel zeer eenvoudig."

De KNMG, de beropsferiening foar dokters, kaam woansdei mei in protokol foar dokters foar it opnimmen fan petearen. Sy advisearje dokters om it fêstlizzen fan de petearen te omearmjen.

(advertinsje)