Autismekampus no ek yn Burgum

25 okt 2017 - 16:52

Yn Fryslan binne folle mear minsken mei autisme as faak tocht wurdt. Dat seit ien fan de direkteuren fan it bedriuw Scauting Coaching en Detachering, André Oostenveld. Dat bedriuw hat al in fêstiging yn Fryslân, yn Tsjalbert. Mar dêr komt no definityf ien by yn Burgum. Nei in syktocht fan in heal jier, is it slagge om dêr in geskikte lokaasje te finen foar in nije foarm fan deibesteging foar minsken mei autisme. Dy komt yn ferieningsgebou De Stryp oan de Bulthuissingel.

De fêstiging yn Tsjalbert is yn jannewaris begûn en sûnt dy tiid docht wol bliken dat der grut ferlet is fan deibesteging by dy doelgroep: minsken mei autisme dy 't normaal oant heechbejeftigd binne.

Trefwurden: 
autisme
(Advertinsje)
(Advertinsje)