Himpkwekerijen yn de Stellingwerven ûntromme

In spesjalisearre bedriuw hat de kwekerijen ûntromme © De Vries Media
Yn Wolvegea en Noardwâlde binne woandei twa himpkwekerijen ûntromme troch de plysje. Hoefolle planten oft dêr krekt stiene, is net bekend. In spesjalisearre bedriuw hat beide plantaazjes leechhelle. De apparatuer is yn beslach nommen. Oft der ek fertochten oanhâlden binne, kin de plysje noch net sizze.
De himpkwekerij yn Noardwâlde wie yn in gebou oan de Hoofdstraat-West. Yn Wolvegea gong it om in plantaazje oan de Hoofdweg.