Plysje nimt auto's yn beslach

30 okt 2011 - 13:00
Foto: Anton Kappers

By in kontrôleaksje fan plysje en oare tsjinsten yn Ljouwert binne fjouwer auto's yn beslach naam en is foar 9000 euro oan net betelle belestingjild ophelle. De aksje wie fan sneontejûn acht oere oant trije oere nachts. Ek binne sân messen, twa honkbalkneppels, in skjirre, in bile en in buske pepperspray fûn en ôfpakt.

Oan de aksje diene ek de KLPD, de belestingtsjinst en de dûane mei. Der binne ek sân minsken betrape op riden mei tefolle alkohol op.

(Advertinsje)
(Advertinsje)