Alle Oranjeliuwinnen binne riddere

25 okt 2017 - 16:15

De fuotbalsters fan it Nederlânsk frouljusteam binne allegearre beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau. Se krigen de ûnderskieding woansdei op it Catshûs. Se waarden dêr ûntfongen troch premier Rutte en minster Schippers fan Sport. De Oranjeliuwinnen waarden ôfrûne simmer Europeesk kampioen. De Friezinnen Sherida Spitse, Sisca Folkertsma en Loes Geurts sitte yn it nasjonaal frouljusteam fuotbal.

Foar Sherida Spitse wie it in prachtich momint. ''Heel erg speciaal en heel erg bijzonder. Dit ga ik nooit meer vergeten'', sei Spitse yn it radioprogramma Weistra op wei by Omrop Fryslân. ''We zijn eerst bij Mark Rutte ontvangen. Daar hebben we het lintje gekregen en toen mochten we door naar de koning. Hij heeft ons gefeliciteerd. Minister Schippers heeft mij nog extra in het zonnetje gezet als aanvoerder, maar natuurlijk hebben we het met zijn allen gedaan.''

Trefwurden: 
fuotbal Oranjeliuwinnen
(Advertinsje)
(Advertinsje)