Famylje Zapp is yn Himmelum, har boadskip: "Enjoy your life"

De Argentynske famylje Zapp reizget al 17 jier de hiele wrâld oer yn in âlde auto. Harren bern binne ûnderweis berne. Se binne no yn Fryslân en sjogge by de Flinkefarm yn Himmelum dêr't in 'meet and greet' organisearre is.
Candelaria fynt it prachtich yn Fryslân "We brought the sun," laket se. Se ha al yn Warkum sjoen, dêr wienen de minsken hiel aardich neffens de mem fan de famylje en kochten de minsken it boek oer de reizgjende famylje. Mei har man Herman wie it oarspronklike plan om seis moannen te reizgjen, mar binne se no noch altyd ûnderweis. "It's our dream." Underweis krigen se fjouwer bern. "We don't buy souvenirs, but we make our own souvenirs," fertelt Herman laitsjend oer de bern. Se fine it moai om oan de minsken har wize fan libjen sjen te litten. "Enjoy your life" dat is har boadskip. "Life is short, follow your dream."
De bern sliepe yn in tinte en de âlden sliepe ûnder yn de auto sadat se wat privacy ha. Se binne gek op tsiis. Nei Himmelum giet de famylje nei Ljouwert foar in autoshow. Dan reizgje se fia België nei Spanje, want se ha gjin kachel yn de auto. "We have to prepare for winter."