Grien ljocht foar ûntwikkeling nij bedriuweterrein by Snits

25 okt 2017 - 15:28

De gemeente Súdwest-Fryslân kin fierder mei de ûntwikkeling fan in nij bedriuweterrein by Snits. Neffens boargemaster en wethâlders jout buorgemeente De Fryske Marren grien ljocht foar de oanlis fan De Hemmen III. De Fryske Marren moast dêr mei ynstimme omdat der offisjeel gjin bedriuweterrein fan de provinsje mear oanlein wurde mei. Dat is omdat der yn de regio noch genôch terrein is. Omdat bedriuwen graach nei Snits wolle, wol Súdwest-Fryslân dochs graach in nij terrein oanlizze. It giet om 25 hektare oan de westkant fan de A7, dy't no noch in agraryske bestimming hat.

Neffens wethâlder Maarten Offinga fan de gemeente Súdwest-Fryslân komt der mooglik ek in ynternasjonaal bedriuw nei Snits. It giet neffens him om in produksjeburo dat Noardwest-Europa as ôfsetgebiet hat. De komst fan it bedriuw nei Snits soe in soad wurkgelegenheid foar de regio omsmite kinne, der wurdt rekkene op sa'n 300 banen by it nije bedriuw. Offinga: "Het ondernemersklimaat in Súdwest-Fryslân is goed. De economie is duidelijk uit de crisis en dat merken we in Súdwest-Fryslân."

(advertinsje)
(advertinsje)