Finzenen jouwe rûnlieding Anne Frank-eksposysje yn De Marwei

25 okt 2017 - 15:26

De finzenis fan Ljouwert stiet fan moandei ôf twa wiken folslein yn it teken fan Anne Frank. Der wurdt dan in ynternasjonale tentoanstelling oer it libben fan Frank hâlden yn de Marwei. De útstalling is bedoeld foar detinearren, mar dêrnjonken komme der ek besikers fan bûten de finzenis om de eksposysje te besjen. Bysûnder is dat sy rûnlaat wurde troch finzenen, dy't spesjaal foar de tentoanstelling oplaat binne.

De eksposysje bestiet út in grut ferskaat oan foto's en ferhalen oer it libben fan Anne Frank. Neffens de organisaasje is der al in soad belangstelling foar de útstalling, benammen ek fan minsken fan bûten de Ljouwerter finzenis.

Trefwurden: 
De Marwei Anne Frank finzenen
(advertinsje)
(advertinsje)