Fytser Ellert is rapper as winnende skûtsje by Strontrace

25 okt 2017 - 15:00

Wat giet flugger, fytse op de bakfyts of farre mei in skûtsje? Ellert de Boois út Enschede gie de útdaging oan. Moandei begûn de jierlikse Strontrace yn Warkum. De skippers moasten fiif sekken drûge stront nei Warmond bringe en fiif sekken blombollen mei werom nimme. Skûtsje Verwisseling mei skipper Bas Krom hat dizze wedstriid de lêste trije jier wûn en dat brocht Ellert op it idee om te sjen oft er de Strontrace flugger fytse koe as dat De Verwisseling farre kin. Ellert is moandei om 13.00 begûn mei syn bakfyts. En hy wie yndie earder as de Verwisseling dy't ek dit jier wer as earste werom wie yn Warkum. "Ik was dinsdagavond om half tien terug en de Verwisseling om een uur of vijf de volgende ochtend vroeg. Dus het is gelukt. Ik had geluk want ik had wind mee op de terugweg. De heenweg was ploeteren, dat was wel afzien. De Afsluitdijk ging redelijk goed," fertelt Ellert de Boois yn De Middei fan Fryslân.

Hy moast 400 kilometer fytse en hie 200 kilo oan bepakking by him. De fyts koe it net hâlde. "Ik moest nog naar de fietsenmaker want er waren een paar spaken geknapt in het voorwiel. Ik was van plan te gaan slapen maar door het bezoekje aan de fietsenmaker had ik daar geen tijd meer voor. Toen werd het ook al weer licht en kon ik de slaap van me afschudden. Voor de vermoeidheid echt toesloeg was ik bij finish. Ik ben 33 uur in touw geweest." De folgjende kear sit er leaver op it skip. "Dit was een eenmalige actie." Yn Warkum krige er blommen en in finishbierke. "En complimenten. Schipper Bas vond het een topprestatie, hij was hevig onder de indruk."

(Advertinsje)
(Advertinsje)