Fryske ambulânsen komme net altyd op 'e tiid

25 okt 2017 - 14:09

Yn sân prosint fan de gefallen komme ambulânsen yn Fryslân net op 'e tiid by in spoedmelding. Fakbûn FNV Zorg en Welzijn ha dat ûndersocht. De noarm is dat in ambulânse der binnen in kertier wêze moat. Fryslân heart by de minst skoarende gebieten fan Nederlân. Dat is 'triest' seit bestjoerder Fred Seibert fan it fakbûn. Neffens him binne der dúdlike ôfspraken makke oer de noarm. Om dy te heljen moatte der mear ambulânsen ride en moat der ek mear personiel komme. Dêr leit neffens bestjoerslid Sietze Kijlstra fan RAV-Fryslân, de regionale ambulânsetsjinst, net de oplossing.

Ut de ambulânsefoarsjenning wei wurdt al skoften wurke oan ferbettering. Sa komme der meikoarten twa posten by, ûnder oare ien yn Stiens. It slagget ek hieltyd better faker op 'e tiid te kommen. Dochs bliuwt de ynrjochting fan Fryslân in probleem, seit Kijlstra. Sa binne de ôfstannen yn benammen súdwest- en noardeast-Fryslân gewoan grut en bliuwt it dreech om dêr yn alle gefallen binnen in kertier by in ynsidint te wêzen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)