Museum Hearrenfean skinkt argyf oan Dútske Oarder
Museum Heerenveen jout âlde boeken, films en histoaryske dokuminten út it argyf oan de stichting Friese Huizen van de Duitse Orde. De stichting hâldt him dwaande mei de Dútske Oarder, in geastlike ridderoarder dy ûntstien is yn de 12de iuw. De Dútske Oarder spile in grutte rol binnen Fryslân oan de ein fan de midsiuwen. Sa stiene der bygelyks trije ferskillende kleasters fan de Dútske Oarder yn de gemeente Hearrenfean. De stichting wol mear omtinken jaan oan de Dútske Oarder en is dêrom bliid mei it materiaal dat se krigen ha.
Foarsitter Roland van der Starre fan stichting Friese Huizen van de Duitse Orde hopet dat der yn it doarp Akkrum in geskikt plak foar it argyfmateriaal is. Hy tinkt dêrby oan it monumintale gebou Coopersburg.