Nij rekôr: nacht fan 24 op 25 oktober waarmste nacht oait

25 okt 2017 - 13:45
Foto: Omrop Fryslân

De ôfrûne nacht, fan tiisdei op woansdei, wie de waarmste nacht oait op dy datum. Dat meldt Piet Paulusma. De âlde rekôrs út 2005 binne ferslein mei mear as 1 graad. De rekôrs: yn Ljouwert wie der in minimumtemperatuer fan 14, 4 graden (âld wie 13,3 graden). Starum kaam mei it nije rekôr fan 14,4 (âld wie 13,1 graden). Skylge helle 14,3 graden (âld wie 13,0 graden). Flylân 14,8 graden (âld wie 13,1 graden). Bakkefean hie 14,9 graden, in nij rekôr.

Gewoanwei lizze de minimumtemperatueren om de 7 graden hinne op de eilannen en de kust 6 graden oant om de 6 graden hinne mear de provinsje yn.

(Advertinsje)
(Advertinsje)