Nij programma oer romte op Omrop Fryslân

25 okt 2017 - 13:36

Yn de nije telefyzjesearje 'Romte' fan Omrop Fryslân wurde fiif ferskillende projekten fan bewenners folge. It giet om de ynrjochting fan in buerttún yn Snits, it ombouwen fan bosk ta park yn Aldeberkeap, de terp fan de takomst yn Blije, it plan foar De Peinder Mieden en in mienskiplike tún yn Koudum. It giet allegear om inisjativen om de omjouwing fan de bewenners moaier te meitsjen.

Yn de searje is te sjen wat de bewenners allegearre tsjinkomme by de ûntwikkeling fan de projekten. Mei it programma wolle Landschapsbeheer Friesland en de Friese Milieu Federatie sjen litte dat minsken sels ynfloed hawwe op harren omjouwing, om oare Friezen oan te moedigen ek oan de slach te gean.

'Romte' is fan 31 oktober ôf alle tiisdeis te sjen fan 18.45 oere ôf. Der binne sechtjin dielen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)