Earste skippen Strontrace werom yn Warkum

© Omrop Fryslân, Simone Scheffer
De earste dielnimmers fan de Strontrace binne woansdeitemoarn betiid binnen kommen. Om kertier oer fiven moarns kaam it earste skip de haven fan Warkum binnen, nei de oerstek oer de Iselmar. Dat wie it skip De Verwisseling fan Bas Krom. Neffens Age Veldboom, kontroleur lâns de rûte, in terjochte winner. "Se ha in fluch skip, kinne ferrekte goed sile en der sitte atleten oan board. Fierljepkampioen Thewis Hobma fart mei, en dy kin echt wol hiel Amsterdam trochbome hear. Sterke keardels binne it, absolute winners."
De start wie moandei yn Warkum, mei it tradisjonele ''En nu oprotten'', fan Reid de Jong. De skippen sile op en del nei Warmond om dêr harren keunstdong te lossen. Dit jier wie in flugge edysje. Op de hinnereis wie de hurde wyn geunstich. Se wienen by ljocht al yn Amsterdam. Op de weromreis hienen se yn de wyn op. Benammen it part yn de Ringvaart yn Noard-Hollân wie swier.