Dokkum drok mei Sinteklaas-yntocht: tips oer wêr te stean

25 okt 2017 - 16:25

De lanlike yntocht fan Sinteklaas is dit jier yn Dokkum, op sneon 18 novimber. Fansels komme tûzenen bern, heiten en memmen nei Dokkum om de goedhillichman en syn Piten wolkom te hiten. De yntocht hâldt de stêd no al yn 'e besnijing. Hotels binne folboekt, ûndernimmers spylje der op yn en de farrûte fan de Sint wurdt klearmakke. Bernd Jager is koördinator fan de yntocht en wit alles oer de rûte. Hy jout tips.

Wêr kinst it bêste stean? 

"Dat hinget derfan ôf watst sjen wolst. Ast de einact sjen wolst, it poadium dêr't Sinteklaas alle bern fan Nederlân tasprekt, dan moatst op de Markt wêze. Wolst de hiele stoet troch de stêd sjen, dan kinst better op de Vleesmarkt stean. Mar wolst de pakjesboat sjen, dan kinst better op de Havemaanspoort stean."

"Fierder roppe we elkenien op om op 'e tiid nei Dokkum te kommen om in goed plakje út te sykjen. Ast in plak hast, kinst net mear nei in oar plakje gean, dus tink goed nei wêr'tst stean wolst. We telle de minsken en as it op guon plakken te drok is, kinne we pleinen en strjitten ôfslute. Ek pleatse we op guon pleinen skermen sadat it publyk de yntocht folgje kin."    

Wêr komt de Sint oan wâl?

"It skip komt út Ljouwert wei nei Dokkum, fart by de bolwurken del en komt by de Halvemaanspoort de stêd yn. Hy stapt fan board by De Dijk, tsjinoer de Rabobank."

Wêr sliept Sinteklaas?

As it te drok op de pakjesboat foar de Sint kin er him deljaan yn syn hotelkeamer yn De Abdij oan de Markt. Dêr is in moai plak foar him reservearre mei in hearlik bêd. "Ik doe er alles aan om het de Sint naar de zin te maken, want ik wil uiteraard niet in zijn grote boek komen," seit Jur Raatjes fan De Abdij. De 25 hotelkeamers fan De Abdij binne al wikenlang fersein. 

Sint hat der sin oan!

Dokkum ferwachtet  25.000 minsken, dat is 20.000 mear as by in gewoane oankomst. Dêr moat fan alles foar regele wurde, lykas wol twa kilometer oan stekken. De kaden binne al opknapt en de brêgen wurde noch farve. Dokkum sil him op syn moaist sjen litte. "Ek Sint hat der sin oan. De berjochten út Madrid binne posityf."

Spesjaal bier

Yn in gebou oan de farrûte moat op 18 novimber in priuwlokaal fan de Bonifatius Stadsbrouwerij iepen wêze. Mei in nij bierke, in spesjaal bier makke foar Sinteklaas: Witte Pietenbier. It is in wytbier mei seewier dêryn ferwurke.

Watfoar Piten komme der?

"De NTR hat witte litten dat der gjin kleure Piten komme dit jier, mar Piten 'yn 50 tinten griis'. Dus we litte ús ferrasse!"  

Demonstranten

Der komt ek in plak foar demonstranten. "We binne drok yn oerlis mei de belutsenen hoe't we dit oanpakke kinne en der goede ôfspraken oer meitsje kinne. It is fansels in grûnrjocht en hjir wolle we romte oan jaan. Wêr't it plak foar demonstranten komt, witte we noch net. Dat wurdt pas op it lêst bekend makke." De organisaasje lit him goed ynformearje troch de plysje en hâldt mei alle senario's rekken. "We dogge gjin útspraken oer de feilichheidsmaatregels."

Trefwurden: 
Sinteklaas yntocht Dokkum
(Advertinsje)
(Advertinsje)