Johannes Rypma en The Bounty Hunters net yn AFAS Live

25 okt 2017 - 11:03
Foto: Omrop Fryslân, Dirk Baron

Johannes Rypma en de band The Bounty Hunters ûntbrekke mei De Fryske Jûn op 6 jannewaris yn AFAS Live yn Amsterdam. Rypma krige fan de organisaasje te hearren dat in optreden mei The Bounty Hunters as begeliedingsband foar logistike problemen soarge. Hy mocht wol komme, neffens de organisaasje, mar dan mei in lûdsbân. Rypma wegere dat.

Rypma treedt wykliks op mei de út trije muzikanten besteande band en dy binne dan binnen fiif minuten klear om op treden. Hy fynt it frjemd dat dat yn AFAS Live foar problemen soarget.

(Advertinsje)
(Advertinsje)