Meardere kandidaten melde har foar fallite BSB Staalbouw

25 okt 2017 - 10:35

Meardere oernamekandidaten ha har meld foar it fallite BSB Staalbouw yn Burgum. Dat seit kurator Wouter Cnossen. De kommende dagen binne petearen mei de kandidaten. Dy binne neffens de kurator oriïntearjend. Cnossen ferwachtet yn de rin fan nije wike mei mear nijs te kommen. De skuld fan it bedriuw is 5,5 miljoen euro. Dat binne neffens Cnossen de gewoane krediteuren, it bedrach kin neffens him noch oprinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)