Antonius Soarchgroep slút kontrakt oer spesjalistyske soarch

It Antonius sikehûs yn Snits © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
De Antonius Soarchgroep, mei it Antonius Sikehûs yn Snits en Emmeloard en Thússoarch Súdwest-Fryslân, hat mei soarchfersekerder Menzis in mearjierrekontrakt foar it sikehûs ôfsletten. De organisaasjes ha foar twa jier ôfspraken makke oer de medyske spesjalistyske soarch. Meastentiids berikke soarchferliener en -fersekerders pas oan de ein fan it jier in oerienkomst. Beide organisaasjes binne dan ek bliid dat it no al slagge is en dat de oerienkomst foar twa jier jildt. ''Sa kinne wy de pasjinten op tiid sekerheid biede'', jouwe se oan.