Kollum: "IIs"

25 okt 2017 - 08:59

"It is 18 jannewaris 1963. Middeis in oere as trije. De Fryske Alvestêdetocht hat elts yn de besnijing. Radio en no ek telefyzje dogge har bêst, mar we krije net in hiel goed oersjoch fan de geweldige striid dy't Reinier Paping, Jan Uitham en Jeen van den Berg oan it fieren binne. De noardhoeke stiet stiif fan wyn, bergen snie en striemin iis. Riders hiene al klauwen om fan Starum nei Frjentsjer te kommen. Al witte we net wa't it wie, mar dêr nimt immen de beslissing: hâld de riders dy’t no noch yn Frjentsjer oankomme tsjin, it hat gjin doel. Dik 9.000 binne fan 'e moarn fan start gien, mar de measten sieten yn Starum al wer yn de trein nei Ljouwert. Mar dochs stean der dêr yn Frjentsjer riders, lykas Henk Kroes en Foppe de Haan, mei de fûst omheech: we wolle trochride. Ien snipt der noch krekt fan te foaren troch. George Schweigmann. Hy moat dan noch sa’n 60 kilometer reedride. Mar ach, hy is dochs yn ’42 al begûn mei de Alvestêdetochten, hy wit wêr’t je lâns moatte. Syn winkel wol op 't heden net al te bêst, dat hy leit himsels op om binnen te kommen, dan giet it dêrnei mei de winkel fêst ek wer goed. Hy docht it, mar it is ferhipte dreech. Krekt foar tolven, njoggen oeren letter, komt hy tegearre mei de Grinzer Nienhuis oer de streek. 57 wedstriidriders en 69 toerriders ha dat ek dien. Ek noch wol mear wedstriidriders binne binnen kaam, mar dy krigen net in krúske.

George Schweigmann, 92 jier, de ferbylding fan de Fryske reedriderstwang, ferstoar ferline wike.

Yn dyselde wike siet de Veiligheidsregio Fryslân ek oer it iis te praten. Iis is nea feilich, dus dat is in moai ûnderwerp foar dy om de tafel sittende boargemasters. Want dy sitte der dochs wol wat mei dat elkenien oates en toates mar op te tinne laachjes iis begjint te riden. Dat wurdt opset troch in pear mantsjes fan 90 út Ljouwert dy’t har op iis portrettearje litte as it noch net ferzen hat. Trochset troch sosjale media: heeh, ik seach immen riden op de Polderfeart. Bam, fiif minuten letter komme se allegear al oandraven. En as it wat mear ferzen hat komme der toertochten en dan komme der fiif kear safolle minsken as ferwachte wie. Guon kinne net iens ride. Se sette har auto’s allegear by de boer yn de tún del. Want dy wennet oan de Polderfeart en reedriders ha in hekel oan rinnen. Koartsein ûnfeilich, en dan ha ’k it noch net iens hân oer as je yn in skuor reitsje of it iis net sterk genôch is.

Dêr moat dus wat oan dien wurde. Mar iis is frjemd guod. Hoe ferbiede je immen op dat iis te kommen as je safolle iis of wetter ha. Ja wetter, dat rêde we noch wol op: as it te hurd waait dogge je slûzen ticht. En je ha sônes dêr't as je wolle of net hurd farre meie. Gean sa mar troch. De wetterplysje soe wol wat grutter kinne, oan de oare kant hilligje we ek noch wol in bytsje it mare librum, frije see. Frij iis dus ek. Kinne je as plysje by de Polderfeart stean en sizze tsjin minsken: jo meie der net op. Dan gean je as rider in eintsje fierder en dêr stean gjin plysjes. Yn ‘63 hie dat gjin sin want se sleaten it stimpelhok yn Frjentsjer.

Dy plysje en dy rider kinne hiel min mei-elkoar de diskusje oangean oft iis sterk genôch is of net. Dêr hienen we altyd de iiswegesintrales foar. En yn de iiswegesintrales sitte de gemeenten, want dy kinne hiel maklik de gersknipper omtoverje ta snieskower. Soks gie altyd moai ienriedich. As der iis wie, moast it dochs ek brûkt wurde. Dat bart noch wol, mar de riders wachtsje net mear op de iiswegesintrales, mar nimmen hat harren tastimming jûn te riden. De feiligensregleminten fan de lêste jierren binne dêryn ûndúdlik. Reitsje mei-elkoar yn betizing. Mar Johanneke Liemburg fan Littenseradiel fertaalde it bêste it ferline nei de takomst ta. As der iis is ha we dochs krisismanagement, sei se. No, dan ha we gjin regels, we sjogge wol wat echt nedich is. Se hat gelyk, mar kin it net yn alles sa?"

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)