Harnzer mei pop op fyts oppakt

© Omrop Fryslân
In Harnzer (51) is yn de nacht fan sneon op snein yn syn wenplak oanhâlden omdat hy tefolle drank op hie. De man foel op omdat hy in grutte plastik pop op de bagaazjedrager fan syn fyts fêst bûn hie. Neidat hy in bekeuring krigen hie omdat hy tefolle drank op hie, kaam hy nei in pear minuten werom by de aginten.
De Harnser spruts de aginten oan en provosearre se. Doe't hy mei de fyts en pop tsjin de plysjeauto oan foel, is hy meinaam nei it buro.