"Roffûgels yn Fryslân lang net feilich"

25 okt 2017 - 07:41

Fryslân is ien fan de seis belangrykste ûnrjochtmjittige rôffûgeljachtfjilden fan Europa. It fermoeden is dat jagers de fûgels aktyf ôfsjitte, mar ek boeren dy't de greidefûgels beskermje. De mûzebiter, hauk, brune hoanskrobber en reade wou binne net wis fan harren libben yn ús provinsje.

Dat seit Vogelbescherming Nederland, dy't meiwurke oan in ynventarisaasje fan Bird Life International. It is de earste kear dat dy organisaasje op sa'n grutte skaal - hiel Europa en de Kaukasus - de yllegale fûgeljacht yn kaart brocht hat. Seelân en Noard-Brabân hearre ek by de top seis. De Keninklike Nederlânske Jagersferiening is it net iens mei de beskuldigingen.

Trefwurden: 
rôffûgels jacht
(Advertinsje)
(Advertinsje)