'School shooting' neispile yn gebou NHL Hegeskoalle

24 okt 2017 - 22:43

Yn it gebou fan NHL Hegeskoalle yn Ljouwert fûn tiisdeitejûn in grutte plysje-aksje plak. It gie gelokkich om in oefening. Yn de skoalle waard in 'school shooting' neispile, om de plysje sa ta te rieden op in echt sjit-senario.

De dieder en slachtoffers waarden spile troch studinten fan de oplieding yntegrale feiligens, wêrtroch't de plysje en it arrestaasjeteam in sa realistysk mooglike situaasje krigen.

It gebou fan de NHL wie as lokaasje útkeazen om't it sintraal leit foar arrestaasjeteam Noard-East. Dêrneist stiene de studinten en dosinten posityf tsjin sa'n oefening oer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)