Oranjeliuwinnen winne WK-kwalifikaasjeduel fan Noarwegen

24 okt 2017 - 21:28
Foto: ANP

De Nederlânske fuotbalfroulju, mei Sherida Spitse fan Snits yn de basis, binne goed begûn oan de kwalifikaasje foar it WK fuotbal. De Oranjeliuwinnen wûnen tiisdeitejûn yn Grins it earste kwalifikaasjeduel mei 1-0 fan Noarwegen.

Nederlân hie de earste helte in oerwicht. Der wiene lytse kânsen foar Lieke Martens en Sherida Spitse, mar dat late net ta doelpunten. Sa giene beide ploegen mei in 0-0 stân it skoft yn.

Oan it begjin fan de twadde helte makke Vivianne Miedema hast de 1-0, mar de bal rekke de latte. Oan de oare kant krige Noarwegen in penalty, dy't tsjinhâlden waard troch keepster Sari van Veenendaal. Oranje sette dêrnei oan en krige kânsen fia Miedema en Martens, mar de bal woe der net yn. Yn de ekstra tiid gie de bal der lang om let dochs yn foar Nederlân, nei't in foarset fan âld-Hearrenfean spylster Miedema mei wat gelok yn it doel rôle.

It alvetal sil woansdei op besite by kening Willem-Alexander en premier Rutte. Dit is in lette besite om it winnen fan de Europeeske titel te fieren, ôfrûne simmer yn eigen lân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)