De Fryske Marren ropt Fryske kultuerpriis yn it libben

24 okt 2017 - 20:00
It gemeentehûs fan de gemeente De Fryske Marren - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Yn de gemeente De Fryske Marren wurdt tenei in Fryske kultuerpriis útrikt. Ferieningen, organisaasjes en ynwenners dy't harren ynsette foar in kulturele aktiviteit yn it Frysk, meitsje kâns op de priis. De priis bestiet út in sjek fan 750 euro en sil alle jierren útrikt wurde. Gadingmakkers kinne harren oant 1 desimber oanmelde.

Mei de priis wol de gemeente gebrûk fan it Frysk stimulearje. 70 oant 80 persint fan de ynwenners fan De Fryske Marren praat Frysk en 80 oant 90 persint ferstiet it ek.

No noch namleas

De nije priis hat noch gjin offisjele namme. Ideeën foar in namme binne wolkom en kinne ek foar 1 desimber oan de gemeente trochjûn wurde. Ein desimber wurdt de priis ûnder de offisjele namme foar it earst útrikt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)