Vlogger Spoelstra lit sjen wat in wethâlder docht

Wethâlder Jouke Spoelstra fan de gemeente Achtkarspelen sil de kommende tiid geregeld vlogge. Hy sil dit dwaan om minsken sjen te litten wat in wethâlder no eins allegear docht. Spoelstra kriget faak de fraach wat er no eins docht.
Guon minsken tinke dat er de hiele dei op it gemeentehûs sit of dat er allinnich mar lintsjes trochknipt. Mei in wyklikse vlog wol Spoelstra sjen litte dat it wethâlderskip folle mear ynhâldt. Minsken meie suggestjes jaan wêr't de wethâlder oer vlogge kin.