Aldeboarn wol moaist ferljochte doarp fan Fryslân wurde

24 okt 2017 - 18:23

It moaist ferljochte doarp fan Fryslân, dat wol Aldeboarn graach wurde. Spesjale ljochten yn it doarp moatte dêrfoar soargje. De gemeente Hearrenfean socht in manier om fan de ferljochting yn Aldeboarn in publykslûker te meitsjen. De ljochten, rjochte op huzen en beammen, moatte net allinnich moai, mar ék effisjint wêze.

It plan ûntstie trije jier lyn en bestiet út sân fazen. It earste diel, it gebiet lâns de Boarn, is klear en sil sneontejûn offisjeel presintearre wurde. Uteinlik sil it hiele âlde sintrum fan Aldeboarn ferljochte wurde.

Trefwurden: 
Aldeboarn ferljochting
(Advertinsje)
(Advertinsje)