Fryslân skoart goed op mêd wurkjende beheinden

24 okt 2017 - 17:49

It giet goed mei it tal minsken mei in beheining yn Fryslân dat wurk hat. Dat seit direkteur Harry de Wit fan Empatec út Snits, in bedriuw dat minsken mei in beheining helpt oan wurk te kommen. Dat is in oar lûd as de lanlike trend. Tiisdei die út in rapport fan it Sosjaal en Kultureel Planburo bliken dat hast de helte fan alle bedriuwen net fan plan is minsken mei in beheining yn tsjinst te nimmen.

"Je kunt het ook anders bekijken", seit De Wit. "De helft van de werkgevers is er goed mee bezig en wil mensen met een beperking aan het werk hebben. We lopen al 28 mensen voor op ons tijdsplan om in 2025 7.800 extra Friese mensen met een beperking aan het werk te hebben." Dy 7.800 binne nedich om it lanlike doel fan 125.000 ekstra banen yn 2026 te heljen.

Wat yn Fryslân wol better kin, sa seit De Wit, is de kennis fan wurkjouwers oer de regelingen dy't der binne. "Er zijn heel veel mogelijkheden om het risico voor de werkgever zo klein mogelijk te maken, zoals een proeftijd of de loonkostensubsidie en no-riskregeling bij ziekte die in het rapport genoemd wordt."

Neffens De Wit docht it midden- en lytsbedriuw it goed as it om oannimmen fan minsken mei in beheining giet. "De gemeenten lopen een beetje achter. Daar zijn door herindeling en sanering veel minder vacatures, waardoor er automatisch minder mensen met een beperking worden aangenomen." Yn elk bedriuw is plak foar ien mei in beheining, neffens de direkteur. "Overal zijn passende functies te vinden. Het verrijkt een bedrijf hoe dan ook. Het is een afspiegeling van de maatschappij."

(advertinsje)
(advertinsje)